Aafke Soet pakt sulver op EK ûnder 23 jier

Hurdfytster Aafke Soet fan It Hearrenfean is sneontemiddei twadde wurden op it EK foar hurdfytsers ûnder 23 jier yn it Tsjechyske Zlín. Tongersdei waard Soet noch Europeesk kampioen by it tiidriden. De winst gie nei de Tsjechyske Nikola Nosková. Brûns wie der foar Letizia Paternoster út Italië.
Aafke Soet © www.orange-pictures.nl
De froulju moasten sneon tsien ronden ride. Yn de twadde ronde ûnstnapte Soet út it peloton, tegearre mei Nosková en Elena Pirrone. Se pakten rap mear as twa minuten foarsprong. Healwei de koers demarreare Nosková by de oare koprinners wei. Soet koe Pirrone wol losride, mar kaam net mear werom by Nosková.