Manon Kamminga en Crispijn Ariëns winne KNSB Cup

14 jul 2018 - 21:20

Inline-skater Manon Kamminga hat sneon in dûbelslach slein. Troch de winst te pakken yn Otterlo wûn de Haulerwykster ek it einklassemint fan de KNSB Cup.

It poadium yn Otterlo - Foto: Timsimaging

De wedstriid yn Otterlo hie in tige spannende finish. Kamminga wie mar ientûzenste rapper dan Bianca Roosenboom. Yn it einklassement fan de KNSB Cup wie it twadde plak foar Imke Vormeer, tredde waard Gerline Crediet.

By de manlju wie Crispijn Ariëns út Wolvegea sneon de sterkste yn Otterlo. Dêrtroch wûn hy ek it einklassemint.

Ofskied fan Elma de Vries

Elma de Vries fan De Haule naam nei it EK inline-skaten ôfskied fan de skeelersport. Dêrom waard sy sneontemiddei ekstra yn it sintsje set.

In blomke en in kettinkje foar Elma de Vries - Foto: Timsimaging
(advertinsje)