Plafond ynstoart: Harnzer restaurant dochs wer ticht

14 jul 2018 - 20:28

Ytkafee De Twee Broertjes yn Harns is, in dei nei't se wer iepen wiene nei in brân, dochs wer ticht. Dat komt om't sneontemiddei it plafond nei ûnderen klapte. Nei alle gedachten hat it bluswetter, yn kombinaasje mei de brân, derfoar soarge dat de konstruksje net mear stevich genôch wie.

"Ineens was het boem"

Woansdei waard it gebou frijjûn en koene de eigeners, heit en soan Zeinstra, mei help fan frijwilligers oan de slach om de boel op te rêden. It wie foar it restaurant fan grut belang om mei it moaie waar en de oankommende Tall Ships Races sa gau mooglik wer iepen te gean. Eigener Bas Zeinstra is bot skrokken: "Ik stond in de keuken en ineens was het boem. Toen liep ik naar voren en daar zag ik het hele plafond op de grond liggen."

Hoe lang't it duorret foardat it restaurant dizze kear wer iepen gean kin, wit Zeinstra net: "We hadden net alles helemaal schoongemaakt en op orde. Nu moeten we weer helemaal opnieuw beginnen. We willen nu eerst dat alles veilig wordt. Daarna moet het terras zo snel mogelijk open en dan gaan we kijken hoe het met het restaurant komt."

Ferslachjouwer Simone Scheffer yn petear mei eigener Bas Zeinstra

Trefwurden: 
Harns De Twee Broertjes
(advertinsje)
(advertinsje)