Cambuur wint oefenwedstriid tsjin Almere City

14 jul 2018 - 19:16

Cambuur hat sneontemiddei yn in oefenwedstriid tsjin Almere City mei 2-0 wûn. It duel waard spile yn Frjentsjer. It wie de earste serieuze oefenwedstriid foar Cambuur yn de tarieding op it nije seizoen.

Yn de earste helte spile Cambuur mei de nije oanwinsten Mous, Sambissa, Schindler en Ciganiks. Cambuur wie better, krige ek wol kânskes, mar in goal siet der lang net yn. Dochs giene de Ljouwerters mei in foarsprong it skoft yn. Oanfaller Karim Rossi koe de 1-0 meitsje nei in fout yn de ferdigening fan Almere City.

Yn de twadde helte kamen der tsien nije nammen yn it fjild foar Cambuur. Trainer René Hake liet allinich keeper Xavier Mous stean. Mei in pear goede rêdings koe hy him ûnderskiede troch de lykmakker tsjin te hâlden. Oan de ein fan de wedstriid waard de foarsprong ferdûbele. Rutger Etten, dy't yn it fjild kaam wie foar Daniels, koe in foarset fan Kallon binnen sjitte.

Opstelling Cambuur earste helte: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Schindler, Boerlage, Ciganiks; Mathieu, Rossi, Robertha

Opstelling Cambuur twadde helte: Mous; Van Deelen, Mbende, Van Koesveld, Claver; Daniels (Etten), Schils, Calor; Kallon, Conraad, Van Kippersluis

Trefwurden: 
Cambuur Almere City fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)