WK Frisbee nei Ljouwert yn 2020

14 jul 2018 - 18:49

It wrâldkampioenskip Frisbee wurdt yn 2020 yn Ljouwert spile. Teams út 40 lannen sille yn trije ûnderdielen meidwaan oan it toernoai, dat fan 11 oant 18 july hâlden wurdt. It bid fan Ljouwert om it WK te organisearjen waard keazen boppe dat fan organisaasjes út Kanada en Australië. It is de ferwachting dat der tusken de 2500 en 3500 minsken nei Ljouwert komme foar it WK.

Frisbee yn aksje - Foto: Neil Gardner

Finales by Cambuur

De finale fan it WK sil yn it stadion fan fuotbalklup Cambuur hâlden wurde. By it WK fan fjouwer jier lyn yn Londen kamen der ûngefear tsientûzen minsken nei de finales. Eric Kersten fan de organisaasje tinkt dat dat ek yn Ljouwert kin: "Frisbee mag dan een kleine sport zijn, de potentie van de sport en de impact van het evenement voor de stad en provincie zijn enorm."

Mei tank oan Kulturele Haadstêd

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert tinkt dat de titel fan Kulturele Haadstêd it bid fan Ljouwert goed dien hat: "Ljouwert stiet op de kaart as toeristyske bestimming. Boppedat ha wy útstekende sportfjilden yn de gemeente. Dat hat it wrâldfrisbeebûn ek sjoen."

Jos Verhoeven, foarsitter fan it Nederlânske frisbeebûn, sjocht dat frisbee ek yn ús lân hieltyd mear dien wurdt: "De komst van de WK naar Nederland zorgt er ongetwijfeld voor dat er nog meer jongens en meisjes de frisbeesport gaan ontdekken. Het is een super dynamisch spel en de sfeer bij wedstrijden is fantastisch. Dat zal over twee jaar in Leeuwarden niet anders zijn."

Frisbee - Foto: Neil Gardner

Frisbee is in groeiende sport. De kâns bestiet sels dat de sport yn 2028 op de Olympyske Spelen te sjen is. Dan binne de Spelen yn Amearika, dêr't frisbee ek dien wurdt troch profspilers. Frisbee wurdt it meast spile yn waarme lannen. Yn Nederlân binne 36 frisbee-ferienings en dêrfan sit net ien yn Fryslân.

Trefwurden: 
WK Frisbee
(advertinsje)
(advertinsje)