LIVE: Fierljeppen yn Burgum

14 jul 2018 - 18:32

Sneontejûn fynt it Keningsljeppen plak yn Burgum. Dêrby wurde de titels fan Kening, Keninginne en Prins fan Burgum ferdield.

De wedstriid is bysûnder om't ljeppers yn de finale wer op nul begjinne. It kin dus barre dat ien yn de foarronde fierder ljept as de winnende finalesprong. De trije winners slute de jûn ôf mei in sprong mei de Fryske flagge yn de top fan de pols.

It fierljeppen yn Burgum is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. De wedstriid begjint om 19.00 oere.

Trefwurden: 
fierljeppen Burgum
(advertinsje)