Epke Zonderland stelt teloar by turnynterlân

14 jul 2018 - 18:19

Turner Epke Zonderland hat sneon by in ynterlânwedstriid op It Hearrenfean in teloarstellende rekoefening sjen litten. Hy behelle wol de measte punten mei in skoare fan 14.250. Syn grutte konkurrint Bart Deurloo die net mei om't hy him oan syn earmtakke blessearre hie by in training. De wedstriid wie in oefenynterlân mei België en Sweden as tarieding op it Europeesk kampioenskip turnjen yn Glasgow. It EK begjint foar de manlju op 9 augustus.

Oefening oan de rekstôk

De oefening foel ôf, omdat Epke syn dûbele flechteleminten net slaggen. Yn stee fan twa kear twa flechteleminten efterinoar, die hy der twa los fan inoar. Dat wie net de bedoeling. Op it EK soe in skoare fan 14.250 gewoanwei te min wêze foar in goed resultaat.

Ien fan Epke syn grutte konkurrinten is Bart Deurloo en dus hope it publyk op in moaie twastriid. Op it lêste WK waard Epke twadde (Epke hâlde doe by in flechtelemint de rekstôk mei ien hân fêst en bleau dochs hingjen) en Deurloo tredde.

Op it NK trije wiken lyn yn Rotterdam wûn Deurloo, mar dat kaam trochdat Epke syn oefening net ôfmeitsje koe. Syn learke oan syn hân liet los, wêrtroch't er syn grip op de stok ferlear. Mar troch de blessuere fan Deurloo gie it by Epke sneon om de útfiering fan syn rekstôkoefening.

Turnynterlân

De ynterlânwedstriid fan sneon wie in mearkampwedstriid mei Sweden en België. Nederlân wûn de wedstriid mei 235.900 punten. België waard twadde mei 227.000 punten. Sweden tredde en lêste mei 213.000 punten. Epke turnde ek de ûnderdiel brêge (14.500) en voltige (12.300). Op it EK sil hy rekstôk en voltige dwaan.

De wedstriid waard turnd yn de iishockeyhal fan Thialf. Dêr kinne de turners in moanne lang traine op tastellen fan it merk Gymnova. Dat binne ek de tastellen dy't by it EK brûkt wurde. Boppedat turnje se no ek op in poadium ynstee fan op beton sa as yn it turnsintrum Epke Zonderland by Sportstêd Hearrenfean.

Sa kinne de Nederlânske turners harren better tariede op it EK.

Michel Bletterman

Ek Michel Bletterman fan Ljouwert die mei. Hy turnde alle seis ûnderdielen en spile sa in wichtige rol by de oerwinning fan Nederlân. Bletterman is earste reserve foar it EK. Hy helle in mearkampskoare fan 77.950 punten en waard dêrmei twadde. De Belch Jonathan Vrolix wie yndividueel mei 79.750 de measte punten.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)