Partoer Bergsma wint yn Makkum

14 jul 2018 - 17:09

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat de haadklassepartij yn Makkum wûn. Yn de finale wiene sy mei 5-0 en 6-2 fiersten te sterk foar Remmelt Bouma, Taeke Triemstra en Evert Pieter Tolsma. Hendrik Kootstra waard útroppen ta kening.

It tredde plak yn Makkum wie foar it partoer Patrick van Dellen, Jacob Klaas Haitsma en Hans Wassenaar.

It winnende partoer yn Makkum - Foto: Henk Bootsma

By de froulju gie de winst nei it partoer fan Nynke Sijbrandij, Marte Altenburg en Marrit Zeinstra. Zeinstra waard ek ta keninginne útroppen. Yn de finale waard it 5-4 en 6-0 tsjin it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Ineke van der Ploeg.

De tredde priis wie foar Amarins de Groot, Martine Tiemersma en Harmke Siegersma.

Trefwurden: 
Makkum keatsen
(advertinsje)