Grutste haakte tekken te plak yn park Vijversburg

De grutste haakte tekken yn de wrâld leit te plak yn park Vijversburg by Tytsjerk. It is in inisjatyf fan Ljouwerters en soarchorganisaasje Palet stipet it. It doel wie om 10.000 haakte tekkens fan 140x200 sm te sammeljen. Uteinlik binne it der 10.841 wurden. Oft se dêrmei ek yn it Guiness World Book of Records komme, wurdt takom wike bekend.
Haken is verbinden.
Monique van der Hoek - inisjatyfnimmer
Foar inisjatyfnimmers Esmeralda de Vries en Monique van der Hoek wie it in spesjale dei. Al fjouwer jier binne se dwaande mei it projekt. Mei-inoar binne der 10.841 tekkens makke. Dat binne mear as 3 miljoen haakte blokjes. Dat is goed 25000 fjouwerkante meter. En der hawwe út 50 ferskillende lannen minsken haaksels opstjoerd. Der wiene tekkens in allegear ferskillende tema's, lykas Escher, letters, lannen of streepkes.
It projekt begún allegear mei dizze blau-wite tekken.
Pleatsing grutste tekken
Het is de kers op de taart. We hebben al vier jaar lang zulke mooie ervaringen gehad met de hakers en andere betrokkenen. Nu komt alles hier in park Vijversburg bij elkaar.
Esmeralda de Vries - inisjatyfnimmer
Park Vijversburg bedekt troch haakte tekkens © Omrop Fryslân
De grutste haakte tekken fan de wrâld is dit wykein troch elkenien te bewûnderjen yn it park by Tytsjerk: sneon fan 10.00 oant 21.00 oere en snein tusken 10.00 en 17.00 oere. Dêrnei wurde alle tekkens skonken oan goede doelen.