''Wynmûneparken op see geskikt as oesterbank''

14 jul 2018 - 14:58

It Wrâld Natuer Fûns sjocht mei de oanlis fan grutte wynmûneparken yn de Noardsee grutte mooglikheden foar de oester. It WNF hat om dy reden 1.000 kilo oesters útset by it wynmûnepark Gemini yn de Noardsee boppe Skiermûntseach.

Foto: Omrop Fryslân

By it oanlizzen fan de wynmûneparken ûntstiet in soad skea oan de ûnderwetternatuer. Mar as se der ien kear stean, binne de mûnen geskikte briedplakken foar de oester. De boaiem wurdt der mei rêst litten en de stoartstiennen om de foet fan de wynmûnen hinne, binne in goed fêstigingsplak. Troch de nije wynmûneparken sil it gebiet mei boaiemrêst yn de Noardsee de kommende jierren mei fiif prosint omheech gean.

It WNF hat ek 6.000 kilo oesters útset by de Boarkemse Stiennen by Skiermûntseach. Se ha 3D-printe riffen mei oesters op de boaiem lein. Mei fiskers is ôfpraat dat dy in gebiet fan 500 by 500 meter gewurde litte. Earder waard bekend dat de platte oester werom is yn de Waadsee by Flylân en Teksel. Oesters binne wichtich foar in goed funksjonearjend ekosysteem. Se ite algen troch dy út it wetter te filterjen en drage sa by oan mear helder wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)