Motorrider ûnderút en nei sikehûs brocht

14 jul 2018 - 14:43

By Husternoard by Aldwâld is sneontemoarn in motorrider ferwûne rekke, doe't hy mei syn motor ûnderút gie. De man gie troch noch ûnbekende oarsaak yn in flaue bocht ûnderút.

Omstanners ferlienden earste help, wêrnei meiwurkers fan de ambulânse it oernamen. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwunings nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)