Wynturbines Nij Hiddum-Houw wurde leger

14 jul 2018 - 14:24

De mûnen fan wynpark Nij Hiddum-Houw wurde leger as earder de bedoeling wie. Se geane fan 208 meter nei 188 meter. Der komt boppedat in provinsjaal meldpunt foar mooglike sûnensklachten troch de njoggen nije wynturbines dy't der mooglik komme. Ek giet de kompensaasje foar omwenners omheech.

Hoe heech wurdt in mûne yn it park Nij Hiddum-Houw? - Foto: Omrop Fryslân

Eksploitant Sjoerd Mensonides oer Nij Hiddum-Houw

De plannen foar it wynmûnepark by de kop fan de Ofslútdyk jouwe in soad diskusje en ek Provinsjale Steaten woene sjen oft der mooglikheden binne de mûnen leger te krijen. Eksploitant Sjoerd Mensonides seit dat se ta it uterste gean binne mei it oanpassen fan de plannen en hopet dat se no oan alle moasjes fan de provinsjale polityk foldien ha.

Woansdei beslute Provinsjale Steaten oer de oanpaste plannen foar it wynmûnepark.

(advertinsje)
(advertinsje)