Seldsume grutte fjoerflinter soarget foar ferrassing

By de Brandemar tusken Wolvegea en de Tsjûkemar binne in soad grutte fjoerflinters sjoen. En dat komt as in grutte ferrassing foar Staatsbosbeheer. Troch in flater ferline jier like it derop dat de populaasje fan de tige seldsume flinter sa goed as ferlern gien wie.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Boskwachter Roel Vriesema oer de fjoerflinter
By it hekkeljen fan de sleat tusken de Rottige Meenthe en de Brandemar gie it hielendal mis. De leanwurker hie net de goede ynstruksjes krigen en helle de planten mei omheech dêr't de grutte fjoerflinter har aaikes op ôfset.
Dat it úteinlik bot tafalt, is net goed te ferklearjen. Mooglik binne der dochs noch jonge planten opkaam dêr't de flinter de aaikes op ôfsette koe.