Troch brân troffen Harnzer restaurant wer iepen

14 jul 2018 - 11:38

Ytkafee De Twee Broertjes yn Harns is sûnt freed wer iepen. In wike lyn ûntstie der brân op it dakterras fan de boppeste ferdjipping fan it gebou dêr't it restaurant yn sit. Der rekke net ien ferwûne, mar de skea wie grut en der waard tocht dat der asbest frijkaam wie. Ut ûndersyk die bliken dat dat net it gefal wie.

De útslaande brân by restaurant De Twee Broertjes. - Foto: Postema Media

Woansdei waard it gebou frijjûn en koene de eigeners, heit en soan Zeinstra, mei help fan frijwilligers oan de slach om de boel op te rêden. It wie foar it restaurant fan grut belang om mei it moaie waar en de oankommende Tall Ships Races sa gau mooglik wer iepen te gean.

Heit Michiel Zeinstra is elkenien tankber foar alle help, wêrtroch't it ytkafee binnen in wike nei de brân wer iepen koe. "De oannimmer stie hjir moandeitemoarn fuortendaliks foar de ruten om te helpen, mar ek de gemeente en Liander ha goed holpen." De earste en twadde ferdjipping fan it gebou rekken slim skansearre troch de brân, yn it restaurant wie der foaral wetterskea.

Ytkafee De Twee Broertjes is wer iepen nei de brân

Foto: Omrop Fryslân

In restaurant sûnder kofje, dat kin fansels net.

Michiel Zeinstra fan ytkafee De Twee Broertjes

Guon apparaten en de elektryske ynstallaasje binne ferfongen. Der steane noch wol boukachels yn it restaurant om it binnen drûch te krijen. It restaurant soe tongersdei al iepen, mar doe die de kofjemealmasine it net. "En in restaurant sûnder kofje, dat kin fansels net. Der is yn sân hasten in masine út it suden helle en sa koene wy freed dochs iepen. It terras siet al gau fertroud wer fol", seit Zeinstra.

(advertinsje)
(advertinsje)