Ferskate Ljouwerters oanhâlden fanwege wapenbesit

14 jul 2018 - 10:49

De plysje hat de ôfrûne dagen ferskate minsken oanhâlden yn Ljouwert, om't se in fjoer- of stekwapen yn harren besit hiene.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

In 30-jierrige Ljouwerter is tongersdeitejûn oanhâlden nei't yn syn hûs oan de Prinsessewei in automatysk fjoerwapen fûn waard. In 23-jierrige frou waard earst ek as fertochte oanhâlden, mar sy waard letter frijlitten. De man sit noch fêst.

De plysje hat tongersdei ek in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't dy op de Tunen ien mei in mes bedrige hie. De man fersette him tsjin syn oanhâlding, mar koe úteinlik oppakt wurde. Hy hie twa messen by him. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

In 17-jierrige Ljouwerter waard freed oanhâlden, om't hy yn de binnenstêd in grut mes by him hie. Yn it sintrum jildt in messeferbod. De jonge moast it mes ynleverje en krige proses-ferbaal.

(advertinsje)