Omrop TIP: PietCast #13 De drûchte en de simmer

14 jul 2018 - 10:08

It waar is ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons.

PietCast - Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan?

De PietCast begjint lykwols mei in hiel oar ûnderwerp: it draaien fan plaatsjes. Dy âlde leafde hat Piet wer oppakt yn it programma fan Harm Weistra en ach, plaatsjes draaie is altyd noch leuk. Dochs?

Foto: Omrop Fryslân

PietCast #13: De drûchte en Piets simmerferwachting

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)