Mistgenerator giet oan by ynbraak yn tankstasjon Drachten

14 jul 2018 - 09:40

By it eardere tankstasjon oan de Noarderdwersfeart yn Drachten is freedtenacht ynbrutsen. Om binnen te kommen waard in skodoar fernield.

Foto: Srfotografie

Troch de ynbraak gie de mistgenerator oan, bedoeld om ynbrekkers it sicht te ûntnimmen. Tsjûgen dy't de mist út it gebou kommen seagen, warskôgen de helptsjinsten.

De plysje begûn fuortendaliks in syktocht, werby't ek in plysjehûn ynset waard. It is net dúdlik oft der ek wat bút makke is.

Trefwurden: 
Drachten ynbraak tankstasjon
(advertinsje)