Kollum: "Klup fan hearen"

"Achter ús hûs ha wy in stikje lân dêr't ús guozzen en lângeiten yn in moaie symbioaze mei-inoar wenje. De guozzen ha dit jier gjin jongen krigen, al hat der ien fan de dames wol hast twa moannen op it nêst sitten. As se sa brodsk binne, is der gjin hâlden oan, sels as se gjin aaien ha, bliuwe se sitten. Nei ferrin fan tiid sjogge se yn dat it neat wurde kin en ferfolgje harren wei mei de oaren, dy't al dy tiid trou de wacht holden ha. Want de guozzen foarmje in mikro-mienskip. Se kontrolearje elkoar, as de goes dy't sit te brieden even om wat drinken giet, wurdt se troch de oaren mei in soad gesnetter begelaat en sa fluch as kin wer nei it nêst transportearre. Mar spitich, dit jier dus gjin jonge guozzen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Hoe oars is dat yn de natuergebieten. Nettsjinsteande de maatregels dy't naam wurde, rinne dêr in wrâld oan jonge guozzen om. Ik ha dat sjoen doe't wy dit wykein even op ekskurzje wienen. It sit sa, wy hienen ôfrûne hjerst in bok op besite. Dat hat de buert witten, want hy stonk in oere yn de wyn en de geiten by de buorlju wienen suver fan de kaart doe't se dat rûkten. Neffens buorman jammeren se dagenlang, omdat se ek graach wat better yn de kunde komme woenen mei de stoere bok. Wy hienen hoop dat der wat jonge geitsjes op de wrâld komme soenen, mar dat slagge net. Wy moasten it mei ien bokje dwaan. Wol in tige aardich bist, hy groeide as koal.
No is it sa dat de measte bokjes fan dizze wrâld in romleas ein krije as yngrediïnt fan in miel ergens yn in lân dêr't se geiten ite. Dat is hjir yn Nederlân net sa algemien. Ik ha noch nea geit iten, wol geitetsiis, mar dat smakket nei bok. As je as bok berne wurde, ha je dus faak in probleem om âld te wurden. Ien fan de wizen om de dûns te ûntspringen is as je foar de fokkerij útkeazen wurde. No wit ik net hoe't it mei ús bok gean sil, mar ik ha him al ferkocht. Net foar de dea, mar foar in moaie takomst. Dat hoopje ik teminsten. Hy moast wol fuort, want noch in pear wiken en dan hie er geslachtsryp west en dan krije je ynsest as je him by de mem en oare famyljeleden rinne litte. Hy moast dus fuort, want op geiten mei twa koppen en oare nuvere ôfwikings sitte je net te wachtsjen.
De Nederlânske lângeit is hiel geskikt om yn natuergebieten de fegetaasje koart te hâlden. Hy is winterhurd en leit mei syn waarme facht rêstich yn de snie te wjerkôgjen. Gjin probleem. Myn jonge bokje is telâne kaam yn in klup foar hearen. In bokdepot, sa as de nije eigener seit. In ploechje útferkeazen stoere bokken mei grutte hoarnen op de kop dy't harren tegoed dwaan kinne oan alle lekkers dat yn sa'n natuergebiet groeit. As se gelok ha, meie se yn de hjerst yndividueel nei ien as oare hobbyboer ta dêr't in oantal dames mei smert op harren wachtet.
It bokje is fuort, mar wennet no op fytsôfstân fan ús ôf. Wy kinne dus sa no en dan even sjen hoe't it mei him giet. In moaie oplossing. As der no mar gjin wolf komt dy't him opfret. Dat soe al ferhipte spitich wêze."