Mear húslik geweld tsjin jeugd

14 jul 2018 - 06:58

Jeugdhelpferlieners fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid hawwe hieltiten faker saken ûnder hannen dêr't húslik geweld it grutste probleem is. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it regysintrum.

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de bydrage oer húslik geweld

Dizze helpferlieners komme pas yn byld neidat de rjochter in útspraak dien hat. Yn hast ien op de fiif gefallen wiene sy yn 2012 dwaande mei húslik geweld. Ferline jier wie húslik geweld yn hast ien op de trije gefallen oan 'e oarder.

Der hat de lêste jierren in soad omtinken west foar it mear melden fan bernemishanneling.

(advertinsje)
(advertinsje)