Rjochter bepaalt dat kafee Prins yn Kollumersweach ticht bliuwt

13 jul 2018 - 21:50

De gemeente Kollumerlân hat it kafee Prins yn Kollumersweach terjochte sletten. Dat hat de rjochter yn Grins freed bepaald. It kafee moast op 21 juny de doarren tichtdwaan fanwegen ynsidinten lykas fjochtpartijen en drugshannel. De doar gie op slot foar in perioade fan seis moannen.

Foto: Omrop Fryslân

Eksploitant Melle Prins fûn de sluting net terjochte en focht dy oan by de rjochter. Neffens him wie de sluting basearre op geroften. De gemeente kaam ferline wike by de behanneling fan de saak mei tritich tsjûgeferklearringen oer drugs en drugshannel yn it kafee. Neffens de rjochter is der dêrtroch gjin sprake fan geroften.

Dêrneist oardiele de rjochter dat it neidielige effekt fan drugs op de folkssûnens swierder weaget as de belangen fan de eksploitant. Dat der ekstra kamera's ophong binne, in doarbelied ynsteld is en de wierskynlike dealers oppakt binne, docht dêr neffens de rjochter neat oan ôf.

(advertinsje)