Fryske skippen begjinne sneon oan earste etappe Tall Ships Races

De earste etappe fan de Tall Ships Races set sneon yn it Ingelske Sunderland útein. De skippen farre nei Esbjerg yn Denemarken. Ein july begjint yn Stavanger de twadde etappe en op 3 augustus komme de skippen dan oan yn Harns. Under de dielnimmers sitte ek twa Fryske skippen: De Wylde Swan út Makkum en it Harnzer Artemis.
De Wylde Swan © Facebook, Tall Ship Wylde Swan
Op dy earste fart Nienke Sinnema út Ljouwert mei. Se is no 27 jier en fart al sûnt se 11 is. Fjouwer jier lyn die se foar it earst mei oan de wedstriid. "Doe haw ik as trainee mei west op de Tecla. Dat fûn ik sa moai dat ik tocht: ik wol faker op see farre." Dat barde, want se koe mei De Wylde Swan mei. "En dy hienen dit jier gjin boatsman, dêrom bin ik dat no."
Nienke Sinnema yn Sunderland
Sneon begjint de earste fan twa etappen, mar de boaten steane al efkes yn de haven fan Sunderland. Dat betsjut net dat Nienke en har kollega's dizze dagen neat dogge. "De havens dêr't we binne, dêr farre we mei gasten. Deitrips dogge we dan. Sa fertsjinje we jild, want it silen kostet wol wat."
Mar de gedachten binne ek alfêst by de wedstriid: "We wolle graach winne. Elkenien is dwaande mei it waarberjocht, mei de lêste oanpassings oan it túch en sjen by oare skippen."