Snits komt mei eigen bierke: 't Waterpoartsje

Wat begûn as in inisjatyf fan 3 freonen is útrûn ta in bierbrouwerij mei wol 100 brouwers. Freedtejûn wurdt it bierke fan de KlupFan100, 't Waterpoartsje, lansearre. It drankje is fan dan ôf breed beskikber yn Snits.
It bierke is net samar in bierke, mar hat ek in sosjaal aspekt. Stichting 't Waterpoartsje hat as missy it stimulearjen fan wille en it fergrutsjen fan maatskiplike belutsenens yn de Snitser mienskip.
Klaas-Pieter Majoor, Cees Vogelvanger en Wietse Nieuwenhuis
It Snitser bierke moat dy missy fundearje. Om dit foarmekoar te krijen, betinke, brouwe en drinke de Snitsers it bierke mei yngrediïnten út de stêd. Elkenien dy't in bierke bestelt, skinkt fuortendaliks 25 sint oan Stichting 't Waterpoartsje. De stifting stipet mei dit jild doelen dy't itselde stribjen hawwe: wille en mienskip. Dat kin werklik fan alles wêze, as it de Snitsers mar ferbynt en de wille befoarderet.
It bierke is nei de presintaasje by de Wetterpoarte te krijen by ferskate plakken yn de stêd. Bygelyks by de Walrus, It Foarûnder op it starteilân, Weduwe Joustra, Café de Kroon en Albert Heijn Stadsfenne.