Wâldwei diel fan sneon ôfsletten mei Elfwegentocht-parade

13 jul 2018 - 19:08

Ferkear dat sneon fan Drachten nei Ljouwert ta wol, moat der rekken mei hâlde dat de Wâldwei in diel fan de dei ôfsletten is. De twa wiken fan it fossylfrije evenemint Elfwegentocht einigje dan mei in grutte finale: de grutste optocht ea fan elektryske weinen. Net allinnich de Wâldwei is dan ôfsletten, ek oare diken binne ticht.

Foto: Google Street View

Tsjeard Hofstra

De Wâldwei giet ticht tusken Nijegea oant de Werpsterhoeke by Ljouwert. "It is in grutte logistike operaasje", seit projektlieder Tsjeard Hofstra fan de Elfwegentocht. "Oan oerlêst ûntkomst net wannear't in dyk ôfsletten wurdt. Mar fan Drachten kinst noch wol yn Ljouwert komme oer de Sintrale As. En it ferkear fan de Ofslútdyk nei Drachten wurdt oer de A7 stjoerd." Ferkear út de rjochting fan It Hearrenfean wei kin noch oer de Wâldwei oant de ôfslach Ljouwert-east.

De ôfsluting stiet pland fan 5.30 oere oant 15.00 oere. "Mar wy hoopje dat we twa oerkes earder al klear binne op de Wâldwei", seit Hofstra.

Langdiel moaiste plakje

Nei de parade sjen kin op ferskate plakken. It moaiste plakje is neffens Hofstra by it akwadukt Langdiel yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. "As je dêr om 11.00 oere klear steane, dan sjochst in stoet oer de dyk, in boatestoet oer it wetter én der komt in elektrysk fleantúch oerhinne fleanen. Dêr kinst it bêst op de fyts nei ta. En it wurdt moai waar, dus dat skeelt."

Trefwurden: 
Wâldwei Elfwegentocht
(advertinsje)
(advertinsje)