Rommel yn de see. It liket hieltyd slimmer te wurden, ûnder oare troch smoarge strannen. Op Skier binne se der grutsk op dat it dêr eins bêst skjin bliuwt op it strân. Mar dat wolle se ek sa hâlde. Keunstners Ludy Feyen en Garda Meerdink binne dêrom úteinset mei it Kulturele Haadstêd-projekt 'Walfiskmienskip: Schone Zee, doe je mee?!'
Keunstner Ludy Feyen
Yn de walfisk, makke fan stokken en seewier, wurde ferhalen ferteld fan jongeren fan it eilân. Ek is it in plak dêr't minsken inoar moetsje kinne en tiid nimme om mei inoar te praten.
De keunstners wolle besikers safier krije dat se better sjogge nei it miljeu om har hinne. Dat griente ek yn de buert ferboud wurde kin, bygelyks. Om it yn de winkel te krijen, hoege je net sa fier te riden en ek is der minder ferpakkingsmateriaal nedich. It miljeu kin dêr fan wer fan profitearje, sa sizze Ludy Feyen en Garda Meerdink.