Fermiste man út Ljouwert is wer terjochte

13 jul 2018 - 18:27

De fermiste Oleh Mudrak út Ljouwert is terjochte. Dat meldt de plysje op Twitter. De 25-jierrige Oleh waard sûnt 8 july fermist, hy waard doe foar it lêst sjoen yn syn wenplak. Mooglik dat er dêrnei noch sinjalearre is yn Himmelum, mar dat is net wis. De plysje meldt yn de Tweet net wêr't Oleh fûn is en hoe't er der oan ta is. Wol wurdt elkenien tank sein foar it útsjen nei him.

Trefwurden: 
Ljouwert Oleh Mudrak
(advertinsje)
(advertinsje)