John Lennon Bus yn Fryslân: muzyk skriuwe yn in bus

Set in stik as 15 muzikanten dy't nea earder mei-inoar muzyk makke ha yn ien bus en se hawwe oan 'e ein fan in wurkdei in folslein nûmer makke. Dat is it konsept efter de John Lennon Bus dy't freed yn Ljouwert siet.
John Lennon Bus yn Fryslân
Mei in mobile audio- en fideostudio yn de bus krije jonge muzikanten út hiel it lân freed de mooglikheid om ûnder begelieding in nûmer te meitsjen. It is allegear ûnderdiel fan it Never Ending Orchestra.
Never Ending Orchestra is in LF2018-projekt en is in gearwurking tusken Fryslân Pop, stifting Popsport en in tal muzikanten. Under de muzikanten binne ek trije jonges út Ljouwert.
De John Lennon Bus op it Aldehoustertsjerkhôf © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De bus is in inisjatyf fan Yoko Ono, de widdo fan de âld-Beatle Lennon, dy't yn 1980 fermoarde waard. Ono wol mei de studio de leafde foar de muzyk ûnder jongerein stimulearje.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn de Feriene Steaten giet de John Lennon Bus by skoallen, festivals en konferinsjes del. Minsken dy't noch nea earder mei-inoar spilen, geane moarns betiid de bus yn om, as se der wer útkomme, in nûmer riker te wêzen. Se krije begelieding fan producers mei in soad ûnderfining yn it skriuwen fan teksten en it opnimmen dêrfan.