Grutte opkomst ekstra frijwilligers foar grutste haakte tekken

13 jul 2018 - 17:00

De tariedings fan it projekt 'De grootste gehaakte deken van de wereld' binne nei oproppen, ûnder oare by Omrop Fryslân, flot ferrûn. De organisaasje wie benaud dat it dellizzen fan de 10.846 tekkens net gau genôch gie, om't it waar tongersdei sa waarm wie dat de frijwilligers minder wurk dien krigen. Mar freeds kamen tsientallen ekstra minsken nei park Vijversburg by Tytsjerk om te helpen mei de tariedings.

De grutste haakte tekken fan de wrâld is dit wykein troch elkenien te bewûnderjen yn it park by Tytsjerk: sneon fan 10.00 oant 21.00 oere en snein tusken 10.00 en 17.00 oere.

(advertinsje)