Reklassearring besjocht saak gewelddiedige Westerener

13 jul 2018 - 16:53

De reklassearring besjocht oft in man (22) út De Westereen yn de beneaming komt foar tbs mei betingsten. Dat is de lichtere fariant fan tbs mei twangferpleging.

It stasjon fan De Westereen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat nochal wat geweldssaken op syn gewisse. Ferline jier septimber hat er ien mei in mes yn de earm stutsen. Sûnt dy tiid sit er fêst. Dêrfoar hie er syn buorlju alris mishannele en syn freondinne in klap jûn.

De man is ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum en de saakkundigen dêr sizze dat der psychysk fan alles mei him oan de hân is. Sy riede oan om te sjen oft de fertochte ek tbs mei betingsten krije kin. Justysje hat dêr wol earen nei.

De fertochte sels hat ek leaver tbs mei betingsten. Hy wol net in twongen behanneling ha. Ast dat ien kear achter dyn namme stean hast, komst der nea wer fanôf, seit er. Salang't de reklassearring ûndersiket wat de mooglikheden binne, hâldt de rjochtbank de saak tsjin de man oan.

(advertinsje)
(advertinsje)