Primeur yn Tsjongerskâns: mem tilt sels poppe út búk by keizersneed
It sikehûs op It Hearrenfean hie freed in primeur: by in keizersneed tilde de mem sels har poppe út de búk. It is in famke.
"Zo mooi. Het lijkt een klein verschil, maar het is een hele andere beleving", sei de mem nei ôfrin. Se hie al twa kear in keizersneed hân en soe no wer in keizersneed krije. Doe't se in fideo seach dêr't in mem sels de poppe út de búk helje mocht en de poppe by har lizze koe, spruts har dat fuort oan. Ek de gynekolooch wie entûsjast.
Dizze fariaasje op de keizersneed is foarich jier foar it earst yn Nederlân tapast. Yn it bûtenlân wurdt dizze metoade faker brûkt. Dit hyt 'maternal assisted c-section'. De operaasje ferrint wol wat oars, om't de mem mei de hannen yn it sterile operaasjegebiet komt. Se krijt in sterile jas oan en moffen. It OK-team hie in simulaasjetraining hân as tarieding.
Unike ûnderfining
De âlden sjogge werom op in unike ûnderfining. Ek it sikehûs wie tefreden. "Het hele team heeft meegenoten, het is prachtig om de ouders dit te kunnen geven", sei gynekolooch Clasien van der Houwen dy't de keizersneed die.