Wa wol de berneboargemaster fan Waadhoeke wurde?

13 jul 2018 - 16:20

De gemeente Waadhoeke siket in berneboargemaster. Waadhoeke wol graach mear dwaan foar de bern yn de gemeente en dêr soe sa'n berneboargemaster by helpe kinne.

Bern dy't yn de gemeente wenje, yn groep sân of acht sitte én dy't it leuk fine om foar groepen minsken wat te fertellen, komme yn de beneaming. In seleksjekommisje siket trije geskikte gadingmakkers út de oanmeldingen. Dy meie in presintaasje jaan en in lytse opdracht útfiere. Dêrnei wurdt de berneboargemaster keazen.

De berneboargemaster bliuwt in jier yn funksje. Nei dat jier besjocht Waadhoeke oft der alle jierren in berneboargemaster keazen wurde kin. Bern kinne har opjaan fia de webside fan de gemeente Waadhoeke.

(advertinsje)