Eastermarder dy't bern mishannele moat opnaam wurde

In man út Eastermar dy't syn bern mishannele hat, doe't er in psygoaze hie, moat him in jier lang behannelje litte yn it psychiatrysk sikehûs fan Frjentsjer. Dat hat de rjochtbank besletten.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man hie syn twa lytse bern in wykein op besite. Hy hie blowd en dronken, rekke dêrtroch yn in psygoaze en kniep doe de kiel fan syn bern ticht.
Neffens saakkundigen is de man folslein ûntarekkenber, mar dêr gie de rjochtbank net yn mei. Dy ferklearre de man sterk fermindere tarekkenber. De man wie alris earder ûnder ynfloed fan drugs yn in psygoaze rekke. Hy hie dêrom witte kinnen dat er syn bern better net by him hâlde kinnen hie, seit de rjochtbank.
Nei syn opname fan in jier moat de man him ambulant behannelje litte. Hy moat syn bern in skeafergoeding betelje.