Elfwegentocht ferbrekt wrâldrekôr 'simultaan lade'

Mei 85 auto's is freed it âlde wrâldrekôr ferbrutsen fan 'simultaan lade'. Yn it ramt fan de Elfwegentocht is besocht mei de provinsje Súd-Hollân it wrâldrekôr del te setten. Dat barde by Home Center yn Wolvegea.
Elfwegentocht © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It âlde rekôr stie op 61 auto's en is delset yn Kwinana yn Australië. Home Center hat 72 fergeze laadpunten foar syn klanten pleatst dy't foarsjoen wurde fan griene stroom troch de 15.000 sinnepanielen op it dak.
De dielnimmende auto's wurde útnûge om op de slotdei fan de Elfwegentocht Parade ek mei te dwaan. Dan wol de organisaasje it wrâldrekôr fan grutste parade elektryske weinen ferbrekke.