Agressive Sumarder nimt plysjefrou yn wurchgreep: 80 oeren wurkstraf

In man fan 23 jier út Sumar hat 80 oeren wurkstraf krigen, omdat er yn april yn Drachten agressyf wie tsjin in plysjefrou. Hy naam har yn in wurchgreep. De rjochter bepaalde fierder dat de man 400 euro smertejild betelje moat oan it slachtoffer.
Foarbyldfoto fan agresje © Shutterstock.com
De Sumarder wie yn de nacht fan 1 april in feesttinte oan de Nipkowlaan útset. Ut lilkens fernielde er de spegel fan in bestelbus. Dat wie foar de plysje reden om de man oan te sprekken. Hy pakte dêrop de plysjefrou by de kiel, wêrnei't beiden op de grûn foelen. De frou koe befrijd wurde troch befeiligers.
De man sei tsjin de rjochter dat er graach syn ekskuzen oanbiede wol oan de plysjefrou.