Freedsmerk: "Fossylfrij riden is te djoer"

13 jul 2018 - 14:10

De Elfwegentocht is hast dien, minsken moatte twa wiken fossylfrij reizgje. Hoe bot libbet dat no eins? Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes wikseljend.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Idee is goed, no de praktyk noch.

Besiker fan de freedsmerk

Twa mannen dy't mekoar op de merk tsjinkomme binne it mei mekoar iens. "Ik fyn fossylfrij riden in prima idee, mar ik doch der sels net oan mei."

De oar follet oan: "It is in hiele goeie saak, want wy moatte mei mekoar om it miljeu tinke. Dochs ryd ik sels ek noch yn in benzine-auto."

Fossylfrij is djoer en net praktysk.

Besiker fan de freedsmerk

"Wy hawwe wol sinnepanielen en ik bin fegetariër, dus wy binne wol bewust mei it miljeu dwaande." Dochs is it foar protte minsken dreech om op fossylfrij riden oer te gean.

Neffens in Dútske toerist komt dat, omdat der te min laadpunten binne foar elektryske auto's. Ek fine protte minsken it te djoer om op fossylfrij oer te stappen. "Se moatte de gewoane disel djoerder meitsje en de fossylfrije goedkeaper."

It komt wol goed.

Besiker fan de freedsmerk

In âldere man tilt net te swier oan it fossylfrije riden. "Ik bin 85, dus it sil myn tiid wol útsitte en mei de generaasje nei my komt it ek wol goed."

Neffens de tsiisferkeaper en de bôleferkeaper spilet fossylfrij op dit stuit noch gjin rol by de minsken op de merk. "Der wurdt net oer fossylfrij sprutsen, mar der is wol in mentaliteitsferoaring. Minsken krije troch dat se net altyd like goed dwaande binne."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op de Ljouwerter freedsmerk

(advertinsje)
(advertinsje)