"Skier kin ek goed feestfiere sûnder hoanne yn in mêst"

13 jul 2018 - 13:48

It is net te begripen dat de gemeente Skiermûntseach it goed fynt dat by it Kallemooifeest in hoanne yn in koer sit. De fergunning hie nea ôfjun wurde mochten fynt it Comité Dierennoodhulp.

Op Skiermûntseach brochten freed twa partijen har stânpunt nei foaren by in harksit oer Kallemooi. By dat feest sit in hoanne trije dagen yn in koer yn in hege mêst.

Foto: Omrop Fryslân

Het mag gewoon niet.

Karen Soeters fan Comité Dierennoodhulp

It hâlden fan in hoanne yn in koer hingjend oan in mêst is yn striid mei de wet. De gemeente Skiermûntseach hie dan ek net in fergunning ôfjaan mocht. Dat stelt Karen Soeters. Sy fertsjinwurdige it Comité Dierennoodhulp by in harksit fan de beswierskriftekommisje fan de gemeente Skiermûntseach.

Soeters stelt dat de wet dúdlik is: "Een dier mag geen fysiek ongerief ervaren of zo opgesloten worden in een kleine ruimte. Dat een dierenarts zegt dat het goed gaat met de haan is dan niet relevant. Het mag gewoon niet."

Kallemooifeest is veel meer dan alleen de haan.

Loeska Bos fan de gemeente

De gemeente Skiermûntseach bestriidt dat. Amtner Loeska Bos stelt dat de fergunning ôfjûn wurdt foar it folsleine Kallemooifeest: "Dat is veel meer dan alleen de haan. Mensen ontmoeten elkaar en kinderen doen veel activiteiten." En just dat is in reden om de hoanne net yn de koer te pleatsen fynt Karen Soeters: "Dat geeft kinderen totaal het verkeerde voorbeeld van hoe je met dieren om moet gaan."

Amtner Loeska Bos seit dat de gemeente wol deeglik omtinken hat foar it lot fan de hoanne: "Wij hebben ons goed laten voorlichten. Zouden we denken dat het de haan slecht zou gaan dan geven we geen vergunning af." Boppedat, seit se, is der strange kontrôle troch in bistedokter.

150 minsken ha oanjefte dien

Karen Soeters fan it Comité Dierennoodhulp seit dat yntusken sa'n 150 minsken oanjefte dien ha tsjin de gemeente Skiermûntseach fanwege de hoanne. De gemeente is dêr lykwols neat fan bekend. "Wij hebben gehoord dat dit gedaan zou zijn, maar hebben nog niets gezien of gehoord. Ook niet van de politie."

By de harksit fan de beswierskriftekommisje wiene ek minsken fan it bestjoer fan stichting Kallemooi. Se fine alle opskuor mar oerdreaun en dat troch it komitee yn de parse in folslein ferkeard byld sketst wurdt fan it feest. Dat seit ek amtner Loeska Bos: "We worden door de buitenwereld gezien als mensen die dieren mishandelen. Dat doet de eilanders pijn."

Binnen seis wiken komt de beswierskriftekommisje mei in advys oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Oan de hân dêrfan moat dy dan besjen oft de fergunning terjochte ôfjûn is.

Hayo Bootsma oer de harksit

It Kallemooifeest wurdt hâlden mei pinkster. By it feest wurdt in hoanne trije dagen lang opsletten yn in koer boppe yn in mêst.

(advertinsje)