Boalsert krijt in grut kongres oer iten

13 jul 2018 - 13:10

Letter dit jier komt in grut kongres oer de takomst fan iten yn Boalsert. It kongres moat op 5 oktober hâlden wurde yn de eardere suvelskoalle fan Boalsert en sil gean oer de útdagingen dêr't boeren, de foodyndustry, de retail en it ûnderwiis foar steane.

Foto: Omrop Fryslân

Reüny

Fjouwer inisjatyfnimmers út en om Boalsert organisearje it kongres ûnder de namme Frisian Foodture '18 en komme tagelyk ek in dei earder mei in reüny foar eardere learlingen fan de suvelskoalle. De ferwachting is dat dêr ek wol tusken de 500 en 1000 minsken op ôfkomme sille.

Dat binne meastentiids ek minsken dy't op 't stuit wichtige funksjes yn de foodyndustry hawwe. Troch it kongres yn de eardere suvelskoalle te organisearjen, wurdt Boalsert foar even wer it sintrum fan de suvelyndustry.

Martin Wijnia, Sjoerd IJdema, Erik Kooistra en Sjoerd Galema (flnr) - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Erik Kooistra

Sjoerd Galema

Boeren, suvelyndustry en alle food-produsearjende bedriuwen binne fan grut belang foar de ekonomyske krêft yn Fryslân, sizze de inisjatyfnimmers fan it kongres. Dat binne Sjoerd IJdema, Martin Wijnia, Erik Kooistra en Sjoerd Galema.

(advertinsje)
(advertinsje)