Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wurkje mear gear

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle op alle gebieten gearwurkje. Allinnich as it op in bepaald flak echt ûnmooglik is, dogge se it net.
It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Uteinlik moat de boarger der better fan wurde trochdat de tsjinstferliening soepeler ferrint, sa litte beide gemeenten witte. Se bondelje de krêften op it mêd fan duorsumens, ekonomyske saken, wenjen en ûnderwiis.
Troch de yntinsive gearwurking moat ek de omslach yn it sosjaal domein better útfierd wurde.