Oanhâlden bernepsychiater út Makkingea bliuwt fêstsitten yn Nepal

13 jul 2018 - 11:45

De bernepsychiater uit Makkingea, dy't foarige moanne yn Nepal oanhâlden waard nei ûntucht mei in 15-jierrige jonge, bliuwt foarearst yn foararrest sitten. Yn in harksit yn de haadstêd Kathmandu is begjin dizze wike bepaald, dat de fertochte net frijkomt oant de ynhâldlike behanneling fan de saak. Dy sil nei alle gedachten oer ûngefear in heal jier plakfine.

Foto: ANP

Fierder is besletten dat in plysjeman, dy't net by it ûndersyk belutsen is, tegearre mei de rjochter-kommissaris de kompjûter fan de man besjen sil. Se sille neigean oft dêr ek berneporno op te finen is. Medyske gegevens fan kliïnten bliuwe geheim, sa lit in wurdfierder fan it lanlik parket witte.

Yn Fryslân hat de bernepsychiater wurke by ûnder oare Therapeuticum op De Jouwer, in sintrum foar psychyske en psychososjale help oan bern en jongerein. Dêr wiene se bot skokt troch de arrestaasje fan de man.

(advertinsje)