Meiwurkers fan Vitens stake moandei foar mear lean

13 jul 2018 - 11:41

Meiwurkers fan Vitens stake moandei foar in bettere cao. Sa'n hûndert wurknimmers fan it wetterbedriuw út Ljouwert, Zwolle, Arnhem en Utrecht komme dan by elkoar by it haadkantoar yn Zwolle. Dêr hâlde se ek in protestlunch.

Hânnen waskje - Foto: Shutterstock.com

It personiel hat syn nocht. Nei goed in jier ûnderhanneljen en ferskate ludike aksjes, is der noch hieltyd gjin nije cao foar de wetterbedriuwen. Dêrom folget no in staking. De meiwurkers easkje in leansferheging fan op syn minst 2,5 persint.

Gjin wettertekoart

Klanten fan Vitens hoege net benaud te wêzen foar in akút wettertekoart. Wetterbedriuwen hawwe de wetlike ferplichting om wetter te leverjen. "We gaan niet zomaar de waterkraan dichtdraaien'', seit Linda Groen, bestjoerder fan FNV Publiek Belang. "Wel zullen naar verwachting afspraken met bijvoorbeeld monteurs van Vitens worden geschrapt."

Groen seit fierder: "De grens is bereikt voor de medewerkers van Vitens en andere waterbedrijven. Er is al veel te lang geen nieuwe cao en de werkgevers gaan niet in op de eisen en problemen die de medewerkers hebben. De werkgevers stonden laatst op de stoep van de FNV, maar zonder echte antwoorden op onze eisen. Zij blijven feitelijk bij hun eindbod. Daarom gaan de medewerkers van Vitens nu voor het eerst staken."

Trefwurden: 
staking CAO Vitens
(advertinsje)