"Rêdingsaksje nij Cambuurstadion is fataal foar middenstân"

13 jul 2018 - 11:33

As de gemeente Ljouwert tastiet dat by it WTC-gebiet in winkelsintrum as De Centrale komt om it nije Cambuurstadion te rêden, is dat de ein foar de Ljouwerter detailhannel. Neffens direkteur Gerrit Jan Faber fan Intersport Leeuwarden is de Fryske haadstêd te lyts foar twa grutte winkelsintra as De Centrale krekt bûten it sintrum.

Winkelpark De Centrale yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat soe net allinne fatale gefolgen ha foar de winkels yn de binnenstêd, mar ek foar de winkelbedriuwen op de Centrale sels, tinkt Faber. Hy begrypt ek net dat Ljouwert de mooglikheden ta in nij grutskalich winkelgebiet by it WTC mooglik meitsje wol, wylst oan de oare kant Ljouwerter middenstân alle help brûke kin op it winkelbestân yn de binnenstêd op peil te hâlden.

"Fansels binne wy foar in nij stadion, mar net ten koste fan ús eigen takomst. As Ljouwert dizze plannen trochset en wy moatte dêrtroch belies jaan, sil dat gefolgen ha foar de hiele mienskip. Sa jouwe wy bygelyks goed 40.000 euro oan sponsorjild foar de ferskate sportferienings. Dan ferdwynt dat ek", warskôget Faber.

(advertinsje)
(advertinsje)