Lytse skoalle moat gearwurkje

04 nov 2011 - 14:47

Lytse skoallen mei minder as 50 learlingen binne net mear fan dizze tiid. Dat fynt ûnderwiisorganisaasje Fier dy't oer 20 skoallen yn Noardwest-Fryslân giet. Lytse skoallen ha it dreech om de kwaliteit fan it ûnderwiis op peil te hâlden. Om't se minder budzjet krije, is it lestich om in goede ferfanger te finen by sykte.

Fier trúnt oan op gearwurking fan lytsere skoallen. In lytsere skoalle hat besteansrjocht by gearwurking mei in gruttere skoalle yn de buert.

(advertinsje)