Accell nimt memmebedriuw bakfytsmerk Babboe folslein oer

13 jul 2018 - 10:37

Fytsefabrikant Accell Group op it Hearrenfean nimt Velosophy folslein oer. Dat is de Nederlânske memme-ûndernimming fan it bakfytsmerk Babboe. De fabrikant hie al in minderheidsbelang fan 35 persint en nimt no ek de rest fan it bedriuw oer. Der wurde fierder gjin finansjele details oer de transaksje nei bûten brocht. Accell is al jierren belutsen by Velosophy. It merk Babboe waard goed tsien jier lyn yntrodusearre en is yntusken Europeesk merklieder en aktyf yn 22 lannen.

Foto: Omrop Fryslân

"Met deze overname zetten we een belangrijke volgende stap in onze 'urban mobility'-strategie en verstevigen we onze positie op de markt van e-cargo fietsen. We richten ons daarbij niet alleen op consumenten, maar ook op de groeiende vraag naar slimmere en schonere mobiliteitsoplossingen voor de bezorging van pakketten, boodschappen en maaltijden in steden", seit topman Ton Anbeek fan Accell.

(advertinsje)