Utstjoerburo AB Vakwerk makke foarich jier minder winst

13 jul 2018 - 10:36

AB Vakwerk hat ferline jier in omset helle fan 120 miljoen euro. Dat is 7 persint mear as yn 2016. De útstjoerkoöperaasje makke hast oardel miljoen euro winst.

Ierappels - Foto: Shutterstock.com

De winst falt ôf, ûnder oare troch hegere yndirekte kosten en in pear ynsidintele lêsten. Dochs krije de goed 4100 leden in bonus, fan 350 euro. Dat barde ferline jier foar it earst. De sektor Agri en Food bliuwt foar AB Vakwerk de wichtichste boarne fan ynkomsten. Dêr waard yn 2017 goed 5 persint mear omset helle.

Trefwurden: 
AB Vakwerk winst omset
(advertinsje)
(advertinsje)