Fan Lauwerseach oant Ofslútdyk: 'Dijk van een Verhaal' jout minsken op seedyk gesicht

13 jul 2018 - 07:55

Wat sykje de minsken op de seedyk fan de Fryske Waadkust? Dy fraach boeit teätermakker Baukje Fennema. Se prate mei tal fan minsken op de dyk en makke der de foarstelling 'Dijk van een Verhaal' fan.

De see spilet in belangrike rol yn it libben fan Baukje Fennema. As famke groeide se op yn Seisbierrum. De seedyk en it lânskip dêrefter ynspirearren har. It Waad en de kwelders lutsen har oandacht. Nei't se tweintich jier yn Grinslân wenne hie, kaam Fennema tolve jier lyn werom nei it heitelân. Net nei itselde doarp, mar wol datselde útsjoch. Yn De Skâns (Oostmahorn) sjocht se no út oer de Lauwersmar en is se tichteby de slûzen fan Lauwerseach en dy moaie Waadseedyk dêr't se sa fan hâldt.

Baukje Fennema - Foto: Omrop Fryslân

Wat sykje oare minsken eins by de seedyk? Wat is harren ferhaal? Om dêr efter te kommen, kuiere Baukje yn 2017 foar har LF2018-projekt 'Dijk van een Verhaal' fan de dyk fan Lauwerseach nei de kop fan de Ofslútdyk. Underweis trof se ferskillende minsken, dy't wenje, wurkje of ûntspanning sykje oan de Fryske Waadseekust. Al kuierjend naam se de tiid om mei dizze minsken te praten. Se skreau dy bysûndere ferhalen op. No, yn it kulturele jier 2018, rydt se mei trekker en wenwein fan Lauwerseach nei de Ofslútdyk om dy ferhalen te dielen. "Ik fier mear as fjirtich foarstellings op. Se binne allegear oars, om't alle optredens útfierd wurde troch de minsken dy't ik foarich jier moete haw."

Mei trekker en wein oer de Fryske seediken - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de minsken dy't Baukje op de seedyk trof, is Sjoukje Maria Kramer. By de seedyktimpel fan keunstner Ids Willemsma by Marrum prate de froulju oer it libben en de dea. En hoe tichteby as dy byinoar stean. Kramer wurket as roubegelieder, mar fertelt ek oer har eigen miskreammen en de wize wêrop't ingelen har holpen hawwe om dat fertriet in plak te jaan. Dat yntime petear is de basis fan de foarstelling 'Engelen en de zee', dy't Fennema op datselde plak opfiert. "Yn myn foarstelling mei ek lake wurde, dus ik haw der ek grappige anekdoaten yn ferwurke", fertelt Baukje. "Ik wol de minsken dy't ik sprutsen haw, foaral it gefoel jaan dat se bysûnder binne."

Rûte fan reizgjende foarstelling 'Dijk van een Verhaal' - Foto: Omrop Fryslân

'Dijk van een Verhaal' wurdt dizze simmer noch ferskate kearen opfierd. Neist famylje en freonen fan de haadpersoan, meie ek oare nijsgjirrige foarbygongers oanskowe. Op de Facebookside fan Baukje Feddema is it folsleine programma te finen. Ek kin dêr har teäterreis oer de Fryske dyk firtueel folge wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)