Kollum: "Moedich"

13 jul 2018 - 07:23

"Jelle sei fan 'e wike dat ik net mear sa moedich bin as eartiids. We hiene it oer it silen en oer in tochtje dat we ris makke ha op it skûtsje dat er doe hie. We wiene tegearre, ik wie in jier of 19 en hie hielendal gjin doel oer it silen, fierder. It skûtsje moast fan Harns nei Makkum en wy setten ôf mei moai waar. Mar geandewei de reis waard it hieltyd minder en helle de wyn flink oan.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Op 'e Iselmar sylden wy heech oan 'e wyn. Ik siet by it helmhout en Jelle by de fok. Wy moasten gauris troch de wyn en gongen hiel skean. It wie sa swier! Ik siet op it achterdek en drukte mei de skonken it helmhout fuort. Ik hie mear krêft yn 'e skonken as yn 'e earms en sa fleagen wy nei Makkum.

Jelle wie dweiltrochwiet en ik wie út myn broek skuord. Dêr baalde ik noch it meast fan. Dat it eins hiel ûnferwantwurde west hie om nei Makkum te silen mei sok waar, ha ik my net in tel drok om makke en dat we sa skean giene ek net. Ik ha net ien kear benaud west dat we omgean soene. Ik wie ek in pear wiken sylmaat by him op in tsjalk en doe krige ik de tomme tusken de lier. Dat wie net fijn en jûns krige ik koarts.

Ik seach dat ik in streek op myn earm hie dy't fan myn tomme nei boppe rûn, oant ik net fierder sjen koe, omdat de mouwe net heger koe. Ik bin betiid op bêd gien en de oare deis wie ik wer topfit. Mar doe't ik oan dek siet te praten mei in gast, skrok ik al. Wy hiene in groep Dútske ferpleechsters oan board en ik fertelde oer de koarts en de streek oer myn earm.

Se sei dat ik wierskynlik bloedfergiftiging hie en dat soks hiel min ôfrinne kin. Mar dat wist ik net dus ik ha der ek net in tel oer yn sitten. Dat ik my no earder drok meitsje as doe, komt omdat ik mear wit. Ik bin wizer wurden dus no't ik mear oer it silen wit, soe ik yn alle gefallen in swimfest omdwaan ûnder sokke omstannichheden. En krij ik werris in reade streek op myn earm, dan soe ik as de bliksem de dokter belje.

Dêr komt by dat ik geandewei de rit ek mem wurden bin. Doe't ik bemanning op it skûtsje wie, wie ik noait bang as we skean giene. Mar as we mei de bern sylden en it hurd waaide, dan fielde ik my hiel ûngelokkich. Mei it hynderriden krekt sa, dat doarde ik ek net mear. It is net handich om eat te brekken as je lytse bern hawwe en doe waard de eangst om fan it hynder te fallen ynienen in stik grutter.

Ik kin skoften wekker lizze omdat ik my fan alles yn 'e holle helje oer situaasjes dy't noait barre, mar as der echt wat is, dan bliuw ik meastal wol rêstich. En no 't de bern grutter binne, bin ik wol wer wat flinker mar tagelyk ek âlder. Ik stap sa op in skûtsje mei hurde wyn of op in hynder sûnder seal allinnich net sûnder swimfest, cap, lêsbril, toskestokers, multyfitamine en magnesiumoalje foar de stramme spieren.

Mar bin ik bang om âlder te wurden? Echt net! Kom mar op en dan sil ik sjen litte hoe moedich oft ik noch bin. Twa wiken nei it doarpsfeest en in sesje by de fysioterapeut doar ik soks wol wer te sizzen."

(advertinsje)
(advertinsje)