Freonegroep organisearret festival mei latinmuzyk op It Hearrenfean

12 jul 2018 - 22:27

In groep kammeraten fan It Hearrenfean organisearret dit wykein foar de twadde kear de Butterfly Beach Party. It is in grut feest mei Súd-Amerikaanske muzyk.

It bestjoer fan it Butterfly Festival - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Organisator Simon van der Let

De mannen fan de organisaasje neame harsels de Vlindervangclub. Ferline jier fierden se mei de earste edysje fan it festival harren 25-jierrich bestean. Mar se wolle mear, want se hoopje dat it útgroeie kin ta in moai evenemint dat de kommende jierren trochset wurdt.

Neffens organisator Simon van der Let heakket it festival wol wat ta oan it oanbod yn de provinsje: "Wy rjochtsje ús op de latin style. Dat ha je eins nearne oars yn de provinsje." Op it festival is plak foar sa'n 3.000 minsken.

(advertinsje)