Omrin-direkteur wol noch net ynhâldlik reagearje op REC-moasje

12 jul 2018 - 22:01

John Vernooij, direkteur fan ôffalferwurker Omrin, wol noch net ynhâldlik reagearje op de moasje fan de gemeente Harns om ûnôfhinklik ûndersyk te dwaan nei de gefolgen fan it eventueel sluten fan de Reststoffen Energie Centrale, de REC.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Vernooij leit de klam derop dat Omrin op dit stuit 73 persint fan al it ôffal recyclet, mar dat it ferbrânen fan de rêst foarearst noch nedich bliuwt.

John Vernooij

Mei it ferbrânde ôffal wurdt duorsume enerzjy opwekt dy't brûkt wurdt troch sâltwinningsbedriuw Frisia. Om deselde enerzjy op te wekken mei bygelyks sinnepanielen, binne der 2.400 fuotbalfjilden oan panielen nedich, seit Vernooij. Hy wachtet no earst ôf wat de gemeente krekt fan plan is.

Trefwurden: 
Harns REC Vernooij moasje
(advertinsje)