Ekstra kontrôles tsjin oerlêst motorcrossers by Eastermar
De plysje komt de kommende tiid hurd yn aksje tsjin minsken dy't motorcrosse by de sânwinput Skûlenboarch by Eastermar en minsken dy't dêr yllegaal swimme. Om de put hinne steane stekken, mar swimmers krûpe der ûndertroch en ek motorcrossers fine har paad nei efter de stekken.
Neffens de plysje is swimmen ûnferantwurde. De put liket in moai plak om te swimmen, mar is libbensgefaarlik. Wykaginte Henriëtte Talstra warskôget: "Yn it midden komt geregeld in bel mei hiel kâld wetter nei boppe ta. As je dêr yn swimme, dan ferkrampe je samar."
Ek kin it sân oan de wâlskanten samar fuortsakje yn in draaikolk. "Lêst trof ik jonkjes oan fan 7 of 8 jier, sûnder dat der in âlder by wie. Se ha gjin idee fan it gefaar hjir", sa seit Talstra. Njonken de put is in pear jier lyn in strân oanlein troch de gemeente Tytsjerksteradiel. Dêr kin feilich swommen wurde.
Der wurdt de kommende tiid jûns en yn de wykeinen ek ekstra sjoen nei oerlêst fan motorcrossers. Dy ride op de sânbulten njonken de put. Dat soarget benammen foar in soad lûdsoerlêst, seit wykaginte Henriëtte Talstra: "Ik spruts ien dy't troch al dy oerlêst syn hûs hast te keap sette wol. Dat is net akseptabel." It crossen is yllegaal en ek gefaarlik.
Op it terrein wurdt gewoan wurke. der is ek al in soad skea oanrjochte seit Talstra: "Al in oantal fan de tagongsstekken binne fuorthelle, oaren fernield. Dat is skande."
Minsken dy't yllegaal crosse, kinne in boete ferwachtsje fan 140 euro. Op it yllegaal swimmen stiet in boete fan 95 euro.