Ljouwert hellet alles út de kast om ûntwikkeling WTC-gebiet te rêden

12 jul 2018 - 21:16

De gemeente Ljouwert wol der alles oan dwaan om de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet te rêden. Ljouwert sit noch mei in gat fan 4,7 miljoen euro foar de realisaasje fan it gebiet, dêr't ek it nije Cambuurstadion komme moat. It kolleezje fan B en W hopet dat de provinsje dat bedrach bylizze wol, mar dêr is noch gjin inkele wissichheid oer. Dat is tongersdeitejûn bekend wurden út stikken fan it kolleezje oan de gemeenteried.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

B en W komt oan alle easken fan it boukonsortsium temjitte. Yn dat konsortsium sitte boubedriuw Dijkstra Draisma en ûntwikkelder Wijckerveste (de 'Stadion Ontwikkelcombinatie') en ynvestearder Jan Anker, topman fan suvelbedriuw A-ware. Yn it foarstel fan B en W wurdt in liening fan 4,5 miljoen oan it WTC kwytskolden en komt der gjin betelle parkearjen.

Noch 4,7 miljoen nedich

Mar foar de ûntwikkeling fan it terrein is noch 4,7 miljoen euro nedich. B en W konstatearret dat ynfolling fan it gat nei alle gedachten net regele is foar 20 july. Dy datum is wichtich, omdat de Friese Poort, hierder fan 7000 kante meter skoalgebou op it terrein, foar 20 july wissichheid ha wol dat dit gebou der ek komt. Oars heakket de skoalle ôf en wurdt omsjoen nei in alternatyf.

B en W wie tongersdeitejûn net beskikber foar kommentaar. Mei alle belutsen partijen is ôfpraat dat der neat nei bûten kommunisearre wurdt foardat de gemeenteried fan Ljouwert him oer de saak bûgd hat. Takom wike woansdei falt it beslút.

Trefwurden: 
Ljouwert Cambuur WTC
(advertinsje)