Lanlinke pinsteuring soarge ek yn Fryslân foar problemen

Ek yn Fryslân ûnderfûnen minsken tongersdeitejûn problemen mei it pinnen. Wa't in Maestro-pinpas hie, koe net ôfrekkenje yn bygelyks winkels, hoareka of by tankstasjons. Dat probleem spile net allinne yn ús provinsje, mar ek yn de rêst fan Nederlân en yn oare lannen koe der net pind wurde.
De measte banken, wêrûnder ING, ABN Amro en Rabobank jouwe Maestro-passen út. Minsken mei in pinpas fan it konkurrearjende Visa ûnderfûnen neffens de Betaalvereniging gjin problemen.
Om 21.00 oere hinne wienen de problemen ferholpen.